Us Wurk
Us Wurk is It wittenskiplik tiidskrift foar de frisistyk dat al sûnt 1952 utbrocht wurdt. It wurdt útjûn troch de FFYRUG en wurdt publisearre troch de universiteitsbibliotheek yn Grins. Fia de webside https://ugp.rug.nl/uswurk/issue/archive binne alle jiergongen digitaal beskikber.
De earste edysjes waarden noch kopiearre by kopiearynrjochting Fedde Dykstra yn Ljouwert. Yn 1958 lykwols wie der mei de sinteraasje mear mooglik en waard Us Wurk printe. Dat wie wakker in ferbettering want de lês- en lûdtekens wiene net altyd goed lêsber yn kopiearre foarm. Dat makke ek dat der in werprintinge kaam fan de earste numers fan Us Wurk. Al rillegau waard it tal siden fan Us Wurk fergrutte.
De jgg. 1-3 bistiene elkmes út fjouwer nûmers fan 16 siden; yn 1952 wiene dy datearre op selle-, gers-, simmer- en wintermoanne,- yn 1953 op selle-, blomme-, haei- en slachtmoanne,- yn 1954 op selle-, gers-, hea- en slachtmoanne. De jgg. 4-5 bistiene beide út twa dûbelnûmers, yn 1955 fan elkmes 32 siden, datearre op foarjiers- en wynmoanne,- yn 1956 fan 49 en 48 siden, datearre op blomme- en wintermoanne. Jg. 6 bistie út twa nûmers fan 24 siden en ien dûbelnûmer fan 56 siden, datearre op haeij- [sic!], hjerst- en wintermoanne, aldus Teake Hoekema yn it redaksjonele stik by de werprintinge.
Estrikken
Estrikken is in rige fan teksten en stúdzjes op it mêd fan de Fryske filology. Letter is it breder oppakt, net inkeld filology mar stúdzjes op it mêd fan Fryske taal- en skriftekennisse.
De rige sette útein mei "Blijdschips Betjoeginge" fan Eelke Meinderts, biwurke fan Chr. Stapelkamp. De lêste Estrikk (114) is Vuar de Vögert. En lüstig Komede bi Munskiin Vuar Morkat's Winniger. Bewurke troch prof.dr. Jarich Hoekstra.