Bestjoer
It bestjoer fan de FFYRUG bestiet op it heden út
Prof.dr. R.H.Bremmer - foarsitter
dr. O. Vries - skriuwer
D.J.Muntendam MA - ponghâlder
R. Janssen MA - algemien lid / stiftingsargivaris
Fan lofts nei rjochts de hearen Janssen, Bremmer, Vries en Muntendam. Foto is nommen op 29 maart 2019 by de troch de FFYRUG organisearre dei oer de Takomst fan de frisistyk . De dei waard holden by de Fryske Akademy yn Ljouwert.
It bestjoer docht syn bestjoerswurk ûnbetelle.
Beleidsdoelstellings
De stifting FFYRUG hat trije doelstellingen formulearre foar de kommende twa jier
1) It stypjen fan it [Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins] en fierders al wat mei ien en oan rjochtstreeks of sydlings ferbân hâldt of dêrta stypje kin, alles yn de romste sin'.
2) kontinuearring fan Us Wurk
Us Wurk is it wittenskiplik tydskrift foar de frisistyk. Dêrmei nimt it in wichtich plak yn binnen de Fryske kennisynfrastruktuer. Foar de kommende jierren sil in (grut) part fan de redaksje dermei ophâlde. Der sil socht wurde moatte nei fernijing fan de redaksje mar der moat ek soarch droegen wurde foar in solide finansjele basis om de kwaliteit fan de stikken dy't ferskine yn Us Wurk op nivo te hâlden. Dêfoar sil de gearwurking socht wurde mei ferskate organisaasjes yn en bûten Fryslân
3) It organisearjen fan in dei fan de frisistyk
Yn maart 2019 is der - 50 jier nei de Utertse stúdzjekonferinsje - op de Fryske Akademy in sympoasium organisearre oer de takomst fan de frisistyk. Dit om it petear oer de frisisyk fanút ferskate hoeken wei te skôgjen. It waard goed ûntfongen en der blykt ferlet fan te wêzen om dit faker te dwaan. Troch de koronapandemy koe dit net mar yn 2023 wurdt besocht dit wer op 'e nij te organisearjen om meiinoar yn petear te bliuwen.
Aktiviteiten 2021 en 2022
Oer de jieren 2021 en 2022 ha de gjin aktiviteiten plak fûn