Yn maart 2019 waard yn de mande mei de Fryske Akademy in sympoasium organisearre troch de FFYRUG oer de takomst fan de frisistyk. De frisistyk, de wittenskiplike bestudearring fan de it Frysk yn syn breedste foarm stie(t) faai. Allinnich oan de Ryksuniversititeit Grins kin it Frysk noch bestudearre wurde.

It sympoasium fan 2019 wie persys 50 jier nei't de Utertse stúdzjekonferinsje oer de 'studie van de Friese taal- en letterkunde aan de Nederlandse universiteiten, nu en in de toekomst'. 50 jier nei dy byienkomst yn Utert leit it lân der hiel oars by en ferskate sprekkers joegen harren blik op de universitêre frisistyk. 

It sympoasium waard drok besocht en de bidragen binne bondele it boekje 'De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing' en waard troch kommissaris Arno Brok útroppen ta wichtichtste taalboek: https://www.itnijs.frl/2020/12/arno-brok-takomst-fan-de-frisistyk-is-wichtichste-taalboek/