Oer de FFYRUG
De Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG) waard op 6 juny 1972 oprjochte. It doel fan de stifting is neffens it karbrief ' it stypjen fan it [Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins] en fierders al wat mei ien en oan rjochtstreeks of sydlings ferbân hâldt of dêrta stypje kin, alles yn de romste sin'.
Oant 1972 waarden de publikaasjes fan it Frysk Ynstitút, te witten it fjouwerris it jier ferskinende tydskrift Us Wurk en de rige Estrikken, betelle troch de Fakulteit der Letteren fan de Grinzer universiteit. Doe't de fakulteit dat net langer dwaan woe, naam Teake Hoekema, wittenskiplik haadmeiwurker oan it Frysk Ynstitút, de foarstap ta it yn it libben roppen fan de SFFYRUG om mei help dêrfan de kontinuearring fan 'e niisneamde publikaasjes mooglik te meitsjen.
Kranteberjocht fan de Ljouwerter Krante fan 24 augustus 1972